Kramer tredde op 1500 meter

13 jan 2008 - 13:26

Sven Kramer is by it Europeesk kampioenskip allround yn Kolomna tredde wurden op de 1500 meter. Yevgeny Lalenkov waard earste yn in tiid fan 1.45,24. Enrico Fabris waard twadde. Kramer ried in tiid fan 1.45,52.

Kramer bliuwt earste yn it klassemint. Hy hat 17,74 sekonden foarsprong op nûmer twa Bokko. Fabris is tredde op hast 23 sekonden. Wouter Olde Heuvel is fjirde op 28,62 sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)