Winst Aris en Flyers

De Vadeko Flyers hiene net folle muoite mei Nijmegen (foto Martin de Jong)
De basketballers fan Aris Friesland ha sneontejûn yn sporthal It Kealledykje mei 91-74 fan Upstairs Weert wûn. It wie foar de Ljouwerters noch mar de fjirde oerwinning fan it seizoen.
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers wiene op it eigen Thialf iis fierstente sterk foar Nijmegen. It waard 10-0 foar de Flyers mei de perioadestannen 1-0, 5-0 en 4-0. De ploech fan coach Alex Andjelic bliuwt koprinner.