Wer priis Bob en Elma de Vries

Bob en Elma de Vries (foto: Martin de Jong)
Bob en Elma de Vries hellen sneontejûn op it keunstiis fan Thialf wer ris in dûbelslach yn de striid om de KNSB Cup. Bob wie de rapste fan in kopgroep fan 24 man. Elma wûn mei oermacht de massasprint by de froulju.
Troch de dûbele winst binne broer en sus De Vries eins al wis fan de winst yn dizze searje wedstriden. Ploech- genoaten Arjan Stroetinga en Maria Sterk binne op grutte efterstân de achterfolgers fan de beide koprinners.