Middlesbrough wol Alves

Alves stiet al op de webside fan Middlesbrough
Fuotballer Afonso Alves woe syn hantekening sette ûnder in kontrakt fan Middlesbrough. Dat meldt de Ingelse krante The Independent. Neffens de Ingelsen wie it de bedoeling dat Alves freed syn hantekening sette soe, mar lei AZ dwers. AZ hat in arbitraazjesaak oanspand tsjin Hearrenfean, om't der al in oerienkomst wêze soe.
SC Hearrenfean ûntkent noch befestiget de oerienkomst mei Middlesbrough.