Bou oefenromtes Advendo begûn

it slaan fan de earste peal
Myzykferiening Advendo yn Snits wreidet hat oefenromtes út. Sneon is de earste peal slein. Dat wie heech nedich, want it populêre drum- en fanfarekorps sit tige krap yn de romte. Yn tsjinstelling ta in soad ferienings, komme der by Advendo alle jierren mear jonge leden by.
It jeugdbelied fan Advendo wurket goed. Sa wurde der net allinnich tradisjonele stikken spile, mar ek moderne, lykas jumpstyle.