Drankriders op Boarnsterdyk

© Omrop Fryslân
De plysje yn Akkrum hat freedtejûn op de Boarnsterdyk yn dat plak in 35-jierrige man út it Ingelske Leeds oanholden yn ferbân mei riden ûnder ynfloed. It rydbewiis fan de man is yn beslach naam. Op dyselde dyk is sneontemoarn in 29-jierrige man út Aldeboarn yn de sleat belâne. De man rekke yn in bocht yn de slip. It slachtoffer rekke net ferwûne, mar krige nei in blaastest dien te hawwen wol in rydferbod.