Soad animo foar kuiertocht

de tocht gie troch de bosken
Goed 1500 minsken kuierje sneon de earste jubileumrin fan it kuierbûn KNBLO troch de bosken fan Beetstersweach. It bûn fiert dit jier syn 100-jierrich bestean. Spesjaal dêrfoar organisearje se yn gearwurking mei lokale ôfdielings grutte kuiertochten.
De tocht op De Sweach luts hast twa kear safolle dielnimmers as dêr't op rekkene wie. Se koene 10, 15, 25 en 35 kilometer rinne.