Poging ta berôving jonkjes

© Omrop Fryslân
Op de Heliconwei yn Ljouwert is freed in poging dien om twa jonges út Marsum fan 12 en 14 jier te berôvjen. De beide jonges waarden troch twa oare jonges twongen om ho te hâlden en jild of in tillefoan ôf te jaan. De 12-jierrige Marsumer naaide doe út. De 14-jierrige jonge foel en hat nei alle gedachten syn noas brutsen.
Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht noch ûndersyk om de dieders op te spoaren.