Wethâlder wurdt wer learaar

27 mrt 2012 - 15:21

Wethâlder Hilbrand Visser fan de gemeente Kollumerlân leit mei yngong fan 1 augustus syn funksje del. Hy docht dat om persoanlike redenen. It hat neat te krijen mei spul yn it kolleezje of tusken de wethâlder en de ried, skriuwt Visser yn in brief oan de ried.

Visser is sûnt 2008 út namme fan it CDA wethâlder fan Kollumerlân. Sûnt de ferkiezings yn 2010 is er ek loko-boargemaster. Visser hat ûndertusken mei syn eardere wurkjouwer it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost ôfpraat dat er mei yngong fan augustus wer foar de klasse stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)