Cambuur-Omniworld 1-0

© Omrop Fryslân
Cambuur is de twadde helte fan it seizoen mei in oerwinning begûn. Omniworld waard yn Ljouwert mei 1-0 ferslein. It duorre oant de 88ste minút doe makke René van der Weij de moaie winnende treffer. Cambuur spile doe al mei tsien man. Jeroen Ketting krige twa kear giel en koe yn de 65ste minút nei de klaaikeamer.
Cambuur is no mei 23 punten út 23 wedstriden fan it lêste plak ôf. Trije ploegen ha minder punten.