Mear foarsjennings Aldewei
Der komme mear mooglikheden foar fytstoeristen en boatsjeminsken yn de omkriten fan Terherne en De Jouwer.
Fytsers kinne dit jier al gebrûk meitsje fan in pont yn de Noarder Aldewei en it fytspaad tusken de Snitsermar en De Jouwer wurdt opknapt en útwreide. Ek komme der foar de boatsjes oanlisplakken yn de Noarder Aldewei.