Al 745 hurdrinners by Slachte

11 jan 2008 - 17:41

Yn fiif dagen tiid hawwe al 745 hurdrinners har ynskreaun foar de Slachtemaraton op sneon 14 juny dit jier. Dat binne mear as de 600 by de earste edysje yn 2000. Yn 2004 kamen der 1000 atleten oan de start.

De ynskriuwing foar hurdrinners gie ôfrûne moandei fan start. De ferwachting is dat it tal ynskriuwings útkomme sil op sa'n 1500. Sawat de helte fan de ynskreaunen komt út Fryslân en ien fyfde is frou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)