Berneboekesjuery sil los

© Omrop Fryslân
De Fryske Berneboekesjuery begjint dit jier in moanne earder as oare jierren. Takom wike al jouwe learlingen fan basisskoalle De Wynroas op 'e Harkema it startskot. Oare jierren begûn de ferkiezing foar it moaiste Fryske berneboek pas yn febrewaris.
Nei de start op woansdei kinne de learlingen út 'e boppebou fan de Fryske basisskoallen oantemei april 7 Fryske boeken lêze. Dêrnei kieze se út dy 7 it moaiste berneboek fan 2008.