Oanbesteging foar Stenden

© Omrop Fryslân
De Stenden Hegeskoalle (CHN) hat de Europeeske oanbesteging binnenhelle om foar fjouwer jier de toeristyske sifers yn de 3 noardlike provinsjes yn byld te bringen. It giet om it projekt Toerdata Noord fan it Instituut Service Management.
By de opdracht giet it om in bedrach fan goed 400.000 euro. It wurk waard ek al dien troch Toerdata Noord, mar dit jier moast it projekt foar it earst Europeesk oanbestege wurde.