Stipepunt Camminghabuorren

© Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren giet nije wike freed in stipepunt iepen foar minsken dy't fragen ha oer wenjen, wolwêzen en soarch. It stipepunt is ûnderdiel fan Zorgroep Noorderbreedte.
By it stipepunt kinne minsken ûnder oare telâne foar thússoarch, in psycholooch of ergoterapeut en mei fragen oer bygelyks húshâldike help. It sintrum oan de Havingastate is iepen op moandei, woansdei en freed.