Legere straf deariden echtpear

27 mrt 2012 - 15:12

De Minnertsgeaster dy't twa jier ferlyn in ûngelok feroarsake dêr't in âlder echtpear út Ljouwert by om it libben kaam, hat yn heger berop in selstraf fan in heal jier ûnder betingst krigen. Fierder krijt er in wurkstraf fan 240 oeren en mei er trije jier net autoride. De rjochtbank feroardiele de man earder ta twa jier selstraf.

De Minnertsgeaster botste op de Hindrik Algrawei frontaal op de auto fan in echtpear fan 78 en 79 jier. De man, dy't ûnder ynfloed wie fan drugs, rekke sels swierferwûne.

De legere straf komt omdat de rjochter nei fergelykbere gefallen sjocht. Dy fergelykbere gefallen binne yn 2010 fêststeld yn saneamde lanlike oriëntatiepunten, ûnder oare foar it skeinen fan de opiumwet. Om dêrfoar yn 'e beneaming te kommen moat de dieder 'first offender' wêze en moat it boppedat om in ienmalich begien strafber feit fan de dieder gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)