Minder oanjeften húslik geweld

11 jan 2008 - 11:25

It tal oanjeften fan húslik geweld by de plysje is it ôfrûne jier flink weromrûn: fan 760 yn 2006 nei 680 ferline jier. De earste ferklearring dy't de plysje dêrfoar joech, wie dat yn 2006 mei in kampanje ekstra omtinken frege is foar húslik geweld.

Ferline jier soe dat wer wat fuortsakke wêze. Mar it frjemde is dat de helpferlieners omkomme yn it wurk, dêr nimt it tal gefallen fan húslik geweld ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)