Sven Kramer tefreden oer iis

11 jan 2008 - 11:19

Sven Kramer is tefreden oer de nije iishal yn it Russyske Kolomna. Dêr wurdt dit wykein it Europeesk Kampioenskip ferriden. Yn Kolomna stiet in folslein nije iishal mei arsjitektoanyske hichtepunten.

Ek it iis is oant no ta hiel bêst en dêrmei giet Kolomna de konkurrinsje oan mei dy oare leechlânbaan yn Fryslân, it Thialf-stadion. Sven Kramer ferdigenet yn Ruslân syn Europeeske titel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)