Ynbraken Grou en Hearrenfean

11 jan 2008 - 10:31

Tongersdei is ynbrutsen yn wennings yn Grou en op It Hearrenfean. Yn Grou waarden middeis út in hûs oan It Skûtsje in laptop en in soad sieraden stellen.

Op It Hearrenfean waard yn in wenning oan de Van Maasdijkstrjitte ynbrutsen, dêr waard de hiele boppeferdjipping trochsocht en waard ûnder oare jild meinommen. De plysje ûndersiket de saken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)