Kommisje oer Koornbeurs te set

11 jan 2008 - 10:00

Frjentsjerteradiel hat in kommisje fan fjouwer saakkundigen beneamd om te ûndersykjen hoe't teater De Koornbeurs eksploitearre wurde moat. It bestjoer fan de Koornbeurs stapte novimber ferline jier op fanwege eksploitaasje- tekoarten. Ek wie de gemeente net fan doel ekstra subsydzje te jaan.

De kommisje sil ûndersykje hoe't it kulturele oanbod yn de Koornbeurs op peil hâlden wurde kin. Ek moat der sa gau mooglik wer in nij bestjoer komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)