Hurdrinne foar de Sionsberg

© Omrop Fryslân
Njoggentich hurdrinners hawwe tongersdei 750 euro byelkoar brocht foar sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. De tocht waard organisearre troch Hugo Veenker. De meiwurker fan de Sionsberg fierde sa syn fyftichste jierdei.
De dielnimmers moasten elk fiif euro betelje om meidwaan te kinnen. It sikehûs wol mei it jild in digitale kamera en nije lampen keapje. Dy binne bedoeld foar de berne- en kreamôfdieling.