Leenstra fynt EK net spannend

10 jan 2008 - 22:14

Marrit Leenstra fynt it hielendal net spannend om dit wykein foar de earste kear oan in EK Allround mei te dwaan. De reedrydster makket sneon har debút op it EK yn it Russyske Kolomna. Leenstra is net ûnder de yndruk fan it evenemint en se riedt har krekt as gewoan ta op de wedstriid.

It is net allinnich mar meidwaan, want as Leenstra har by de earste fjirtjin pleatst mei se ek nei it WK. Leenstra tinkt dat dat der wol ynsit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)