Konsert Melrose nei Deinum

© Omrop Fryslân
It konsert dat de band Melrose jout foar de Cliniclowns wurdt hâlden yn it Holt yn Deinum. De ôfrûne wiken koe der fia de webside fan Melrose bean wurde op it konsert. It Holt yn Deinum kaam dêrby as heechste bieder út de bus.
By it konsert op 25 jannewaris is ek in delegaasje fan de Cliniclowns oanwêzich. Dy sil it bedrach dat it Holt foar it konsert betelle hat yn ûntfangst nimme.