Joy for People siket manlju

10 jan 2008 - 19:40

Gospelkoar Joy for People út Dokkum siket nije bassen en tenoaren. It koar hat noch fiif manlike leden, dat soenen der twa kear safolle wurde moatte. In soad koaren hawwe ferlet fan manlju. By Joy for People wienen se noch wol ridlik fertsjintwurdige, mar om ferskate redenen binne der no in tal ôfheakke.

It koar hâldt op 21 jannewaris in iepen repetysje foar manlju dy't belangstelling hawwe om lid te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)