Oranjewoud nimt Amerikaan oer

© Omrop Fryslân
Yngenieursburo Oranjewoud op it Hearrenfean hat in bedriuw yn Amerika oernaam. It giet om brânzjegenoat Delta mei 45 fêstigings. It bedriuw jout advizen op it gebiet fan miljeu, feiligens en duorsumens. Wat Oranjewoud foar Delta betelle hat is net bekend makke.
De ôfrûne wiken naam Oranjewoud ek al Edelgras yn Genemuiden it Belgyske Belconsulting en bliksembefeiliger Van der Heide fan Kollum oer.