Tryater komt mei 'Zelle'

10 jan 2008 - 19:09

Ein dizze moanne bringt Tryater it stik 'Zelle' yn premjêre. It stik giet oer de yn Ljouwert berne dûmny Zelle, dy't libbe fan 1907 oant 1983. Neist dûmny wie Zelle ek in fanatyk sporter en in Spartaansk libjend man.

It stik wurdt spile troch Freark Smink, dy't ek de tekst makke hat. Hoite Pruiksma bespilet yn de foarstelling in tal oargels. It stik wurdt regisearre troch de eardere artistyk lieder Hans Man in 't Veld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)