Wetterkearing It Amelân ophege

© Omrop Fryslân
Bewenners fan It Amelân wenje no wer wat feiliger. In wichtige wetterkearing op it eilân dy't net mear op sterkte wie, is oanpast. De dyk is oer in lingte fan 150 meter in heale meter ophege. Dêrfoar is 5000 kuub sân en grûn brûkt.
It ophegingsmateriaal is fuorthelle út in dúngebiet njonken de kearing. Dêr kin no wer nije fegetaasje groeie. It wurk hat plakfûn fan oktober oant ein desimber.