Twa Fearren Fryske Beweging

10 jan 2008 - 17:06

Rik Steur en Daniel Dizdarevic hawwe de jierlikse Fear yn 'e broek fan 'e Fryske Beweging krige. Dat barde tongersdei op it nijjierssûpke. De priis is foar in persoan dy't him bot ynset hat foar de Fryske taal.

De Beweging rikte dit jier twa Fearren út. Steur docht by de stichting CVO Súdwest-Fryslân foar kristlik foartset ûnderwiis in soad foar it Frysk, Dizdarevic hat him as Bosniër de Fryske taal eigen makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)