Proef mei wykferbettering

10 jan 2008 - 16:04

Wenningboukorporaasje WoonFriesland pakt de eigen probleemwiken oan. Bewenners fan trije wiken yn Ljouwert, Drachten en Wolvegea meie sels plannen foar ferbettering betinke. It giet dan bygelyks om boartersplakken of parkearplakken.

De plannen binne by wize fan proef bedoeld foar ien jier. Yn febrewaris gean de meiwurkers de wiken yn om mei de bewenners te praten. Ferrint de proef goed, dan folgje ek oare wiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)