'Mear dúdlikens oer planskea'

10 jan 2008 - 15:44

Frjentsjerteradiel moat de boargers better ynformearje oer de mooglikheid planskeafergoeding oan te freegjen. Dat fynt de gemeentlike rekkenkeamerkommisje nei besjen fan 'e ôfhannelings planskeafersiken.

Nei ferwachting sil it tal oanfragen planskea groeie, omdat yn 'e gemeente de kommende tiid mear boud wurdt tusken besteande huzen. Net alle bewenners sille dêr bliid mei wêze, is de ferwachting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)