Lege eask foar deadlik ûngelok

"Lege eask foar deadlik ûngelok"
Tsjin in automobilist út Easterwierrum is 60 oeren wurkstraf en in heal jier rydûntsizzing easke foar in deadlik ûngelok. Tusken Raerd en Dearsum ried er jannewaris ferline jier in jonge op 'e fyts fan achteren dea.
De Easterwierrumer ried net te hurd en hie gjin drank op. Hy sei dat er ferbline wie troch koplampen fan in oare auto. De fertochte hat daliks 112 belle. Ek hat er noch besocht de jonge te reanimearjen.