Flater mei ôffalkalinder

Eaststellingwervers krigen dit jier net ien, mar twa ôffalkalinders. De kalinder fan Weststellingwerf foel ek by harren troch de bus. Guon bewenners tochten dat se it ôffal no net mear yn 'e eigen gemeente kwyt koene.
De gemeente en ôffalferwurker Omrin hawwe de saak ûndersocht. In flater by de drukker is de oarsaak fan it probleem. In pear dagen letter hawwe de Weststellingwervers harren ôffalkalinder ek krige.