Fergese krante 'Fryslân'

De nije fergese hûs-oan-hûs-krante 'Fryslân'
Fryslân krijt der in nije hûs-oan-hûs krante by. Hy komt ien kear yn de wike op tiisdei út yn in oplage fan 266.000 De komt regionaal, lanlik en ynternationaal nijs yn te stean. De wikekrante Fryslân is ûnderdiel fan in lanlik konsept fan útjouwerij Wegener.
De nije krante 'Fryslân' hat ek in ynternetside. Der komme twa redakteuren by de krante te wurkjen. It is de bedoeling dat ek de lêzers sels mei nijs komme.