Snits: ton skea mei Ald en Nij

© Omrop Fryslân
Snits hat de balâns opmakke fan 'e skea fan 'e fernielerij mei Ald en Nij. Neffens wethâlder Van den Broek giet it om 40.000 euro, mar haad iepenbiere wurken Jansma seit dat it rjochting de ton giet as arbeidslean en ferfangingskosten meirekkene wurde.
De skea leit 40 prosint heger as it jier dêrfoar. Dat komt benammen troch swierder fjoerwurk. Ferkearsbuorden, hûnestrontbakken, parkearmeters en strjitmeubilêr wiene it doelwyt.