Fries bêste jonge sjefkok

Martin Ruisaard
Kok Martin Ruisaard (23) fan it Harnzer restaurant De Gastronoom is woansdei ta bêste jonge sjefkok fan Nederlân útroppen. Hy liet yn 'e finale op de Horecava yn Amsterdam ien fan de sjefs fan 3-stjerrerestaurant De Librije achter him. As beleanning mei Ruisaard ûnder oare staazje rinne by restaurant De Librije.
Ferline jier die Ruisaard it ek al goed. Doe waard er tredde.