Hantumerwei wurdt feiliger

© Omrop Fryslân
De Hantumerwei yn Dokkum wurdt meikoarten opknapt. Neffens de gemeente Dongeradiel is de wei net feilich genôch mear. It is dêr folle drokker wurden omdat ferskate lokaasjes fan bassiskoalle De Twine yn ien nije skoalle ûnderbrocht binne. Dy skoalle stiet oan 'e Hantumerwei.
Taksybuskes en âlden dy't bern nei skoalle bringe, soargje foar folle mear ferkear op 'e dyk. Der komme no fytsstroken en nije streken op 'e dyk.