'Beammen Saailân net kappe'

10 jan 2008 - 09:09

De 50 beammen op it Saailân moatte net kape wurde, mar herplante. Dat fynt PAL/Grienlinks yn de ried fan Ljouwert. Der is troch de gemeente in kapfergunning ôfjûn, mar PAL wol dat de beammen yn elts gefal noch stean bliuwe oant hielendal wis is dat it plan foar in nij Saailân troch giet.

As dat it gefal is moatte de beammen neffens PAL oerbrocht wurde nei de wyk Suderbuorren. De wyk hat oanjûn de beammen wol hawwe te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)