Plak Holland Crop bliuwt leech

10 jan 2008 - 07:27

Der komme foarearst gjin nije bedriuwen op it plak dêr't earder grienteferwurkingsbedriuw Holland Crop yn Easternijtsjerk siet. De gemeente Dongeradiel fynt dat de plannen derfoar net passe yn de omjouwing. Yn 2009 wol de gemeente mei in nij bestimmingsplan komme foar it doarp en foar it terrein fan Holland Crop.

It terrein stiet leech sûnt in grutte brân it gebou fan Holland Crop yn de simmer fan 2005 folslein ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)