Ljouwerteradiel: ´Net fuseare´

10 jan 2008 - 07:21

De gemeente Ljouwerteradiel wol foarearst net fuseare mei oare gemeenten. Dat sei boargemaster Eric_Ter_Keurs woansdei yn syn nijjierstaspraak. De gemeente wurket al wol gear mei de oare trije Middelseegemeenten It Bilt, Ferwerderadiel en Menameradiel.

In fúzje sil dat yn de kommende jierren seker net opleverje, sa seit Ter_Keurs. De gemeente sil wol mei de befolking prate oer weryndieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)