Kontraktferlinging Roorda

Geert Arend Roorda
Fuotballer Geert Arend Roorda bliuwt langer by SC Heerenveen. Roorda (19), de iennichste Fries yn de seleksje, hat syn noch rinnende kontrakt ferlingd oant juny 2012. Hy hat dit jier foar it earst in basisplak.
Hearrenfean woe ek it kontrakt fan Michael Bradley iepenbrekke, mar dat slagge net. It kontrakt fan de Amerikaanske ynternasjonal rint noch ien seizoen troch. Bradley wol graach nei in oar lân te fuotbaljen.