Sven Nijs wint Surhústerfean

09 jan 2008 - 15:40

De Belch Sven Nijs wûn woansdei mei grut machtsfertoan de Centrumcross fan Surhústerfean. Yn in sterk dielnimmersfjild wist Nijs al yn de twadde ronde ôfstân te nimmen fan de konkurrinsje. Nijs wie ek foar de start de grutte favoryt.

Richard Groenendaal, dy't de cross al trije kear earder wûn, waard twadde. It tredde plakje wie foar Thijs Al, Gerben de Knegt waard fjirde, Jonathan Page fyfde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)