Postkoadeprizen yn Snits

De bus fan de postkoadelotterij is woansdei ôfreizge nei Snits om prizen út te dielen. Yn de strjitte De Hoppen yn Snits binne sân prizen fallen. Ferskate húshâldens binne woansdei bliid makke mei in bedrach fan tusken de 2 en 4 ton.
De grutte klapper is in húshâlding dat in bedrach fan 2,2 miljoen euro op harren bankrekken byskriuwe kin, de jackpot fan de lotterij. De winnende postkoade is 8604 CT.