Sibon fuort by Hearrenfean

27 mrt 2012 - 13:46

Sportklup Hearrenfean nimt ôfskie fan Gerald Sibon. It kontrakt fan de spits fan Hearrenfean rint oan de ein fan dit seizoen ôf en de klup wol dat net ferlinge.

De kâns is grut dat ek Elm, Breuer en Roorda Hearrenfean ferlitte, mar definityf is dat net. De kontrakten fan de trije binne wol opsein, mar de klup hâldt de mooglikheid foar in nij kontrakt iepen.

Geert Arend Roorda spilet al fan syn achtste by Sportklup Hearrenfean. Ferline jier waard hy ferhierd oan Excelsior. Michel Breuer is dwaande mei syn achtste seizoen by de klup, Viktor Elm spilet sûnt jannewaris 2009 foar SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)