Fal fan steiger fuotbalstadion

09 jan 2008 - 09:41

In ynwenner fan de Jouwer is tiisdei fan in sân meter hege steiger fallen. De man wie oan it wurk by it Abe Lenstrastadion op it Hearrenfean. Wat der krekt bard is, is noch net bekend. De man waard ûnderoan de steiger fûn.

De man rekke troch de fal swier ferwûne en is mei de traumahelikopter oerbrocht nei sikehûs UMCG yn Grins. De Arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de fal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)