Wâldsang: jild nedich foar EK

09 jan 2008 - 09:32

Brassband de Wâldsang út Bûtenpost mei Nederlân fertsjintwurdigje op it EK foar brassbands yn Noarwegen. De klam leit op mei, want oft it ek kin is noch net seker. Meidwaan oan dat Europeeske Kampioenskip yn maaie betsjut in kostepost fan 800 euro foar elts lid. Dat kin net elk opbringe.

Dielname stiet dêrtroch faai. De Wâldsang waard yn desimber foar de 13de kear Nederlâns kampioen. De Wâldsang wurket oan in sponsoraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)