Asyl komt om yn de kninen

08 jan 2008 - 22:22

It diere-asyl De Swinge yn Drachten wurdt oerstjelpe mei kninen. Hokken mei kninen steane yn de gongen en sels yn de resepsje.

Sûnt in jier wurde de bistjes mei regelmaat losrinnend op strjitte oantroffen en nei it asyl brocht. Kninen binne as húsdier net sa aardich as yn it foar faak tocht waard, sa ferklearje de meiwurkers fan it asyl de tastream fan de bistjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)