Mediation foar saak-juf Siep

08 jan 2008 - 17:27

In bemiddelder moat in ein meitsje oan it konflikt om ûnderwizeres Siep Stroosma fan 'e skoalle yn Raerd hinne. It skoalbestjoer hat de saak oan in jurist foarlein. Dy seit dat de skorsing net steande te hâlden is.

Alden en skoalbern besykje al sûnt de Krystfakânsje mei aksjes om Siep Stroosma werom te krijen. Se waard skorst om't se net mei de nije direkteur kin. It skoalbestjoer praat tiisdeitejûn oer de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)