Flechtlingen yn Dantumadiel

Flechtlingewurk ferwolkommet de nijkommers yn Damwâld
In groep fan fyftjin flechtlingen út Burundi en Kongo wennet fan tiisdei ôf yn Damwâld en Feanwâlden. De foarnommen húsfesting soarge earder foar opskuor. In FNP-riedslid wie derop tsjin dat in flechtlingefamylje by him yn 'e strjitte kaam te wenjen. Dat koste him syn riedssit.
Op basis fan in ynternasjonaal ferdrach nimt Nederlân alle jierren 500 minsken op dy't ûnder barre omstannichheden libje.