Foar ton oan parfum stellen

By drogisterij Postma yn Surhústerfean is sneintenacht foar 100.000 oan parfum en opmakkersguod stellen. De dieven hiene in gat yn 'e muorre makke om it alarm te ûntgean. Se namen dêrnei in lyts 8000 fleskes rûkersguod, krêmes en make-up mei.
De trije dieven binne te sjen op bewakingbylden. De buorlju hiene wol wat heard, mar gjin aksje ûndernaam. In nacht letter waard yn Boalsert foar 5000 euro oan parfum stellen.