Tony Alberda hâldt op by ONS

08 jan 2008 - 13:30

Ald-Hearrenfeanspiler Tony Alberda hâldt der nei dit seizoen mei op by de amateurs fan ONS Snits. De spits kaam ôfrûne simmer oer fan Harkemase Boys. Fanwege it feit dat ONS takom jier op keunstgers fuotballet, hâldt Alberda op by de Snitsers. Hy sil earne oars fierder spylje. Ek John de Jonge hâldt der nei dit seizoen by ONS mei op. As ferfanger fan Alberda is Klaas Johan Knevelman (28) fêstlein. Hy spilet no noch by SC Genemuiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)